Te min jild foar gefaarlike dyk

© Omrop Fryslân
De provinsje hat te min jild om alle gefaarlike ferkearssitewaasjes op te lossen. Der moatte prioriteiten steld wurde. Dat fynt deputearre Baas. Hy reagearret dermei op wethâlder Bakker út Tytsjerksteradiel. Dy is teloarsteld oer it beslút om it krúspunt Ryptsjerk net feiliger te meitsjen. Der waard fan it maitiid in famke deariden.
Neffens Baas is útfiering fan projekten dy't net op de prioriteitelist steane mooglik as gemeenten ek stipe jouwe.