Oare opset VMBO-skoallen

© Omrop Fryslân
De iepenbiere VMBO-skoallen yn Fryslân wurde oars fan opset. Der sil folle mear praktysk wurke wurde yn de lessen. Dy ekstra praktykûnderfining kinne de bern goed brûke op de ferfolchopliedings.
Op dit stuit bedarje in soad VMBO- learlingen mei in efterstân op it MBO. Yn de nije metoade wurde stúdzjedfakken ynruile foar praktykopdrachten. Dit jier wurdt op in tal skoallen mei proeven út ein set.