Gerald Sibon bliuwt oan 'e kant

26 aug 2003 - 00:00

SC Hearrenfean moat it tiisdei yn 'e yntertotofinale yn en tsjin Villarreal dwaan sûnder spits Gerald Sibon. De oanfaller hat tefolle lêst fan 'e noasblessuere, dy't er sneon oprûn yn de wedstriid tsjin Feyenoard. Yn it sikehûs die letter bliken dat de noas fan Sibon brutsen is.

Sibon hat moandei noch traind mei in kapke op 'e noas. Mar doe't er in bal op 'e noas krige die bliken dat it kapke te min beskerming jout.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)