SAR oefenet by Flylân

26 aug 2003 - 00:00

De Luchtmacht hâldt nije wike woansdei in grutte oefening op de Noardsee by Flylân. It giet om in rêdingsaksje dêr't twa SAR-helikopters by ynset wurde. Dy moatte fiif minsken fan in baarnend skip ôfhelje.

Neist de luchtmacht dogge ek de KNRM, de Kustwacht en de lânmacht mei. Ek de omlizzende gemeenten binne by de oefening belutsen. De SAR-helikopter fiert alle jierren 150 flechten út nei de fêstewâl.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)