Slûpferkearmaatregel Betonwei

26 aug 2003 - 00:00

Frachtferkear mei mei yngong fan takom wike oant 8 maaie 2004 net mear troch De Harkema en Stynsgea ride. De gemeente Achtkarspelen wol dêrmei slûpferkear tsjingean, no't de Betonwei opknapt wurdt.

De Betonwei giet takom wike ticht. Ek mei op de Warrebosleane en de Trije Roeden tusken Surhústerfean en Houtigehage net hurder riden wurde as 60 km yn 'e oere. En de Skieppedrifte by Droegeham wurdt ienrjochtingsferkear.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)