Steuring by strjitferljochting

26 aug 2003 - 00:00

De strjitferljochting yn sawat hiel Fryslân is moandeitejûn letter oangien as oars. Fanwege in fout yn in sintrale yn Arnhem woene yn Fryslân, mar ek yn Flevolân en Gelderlân de lampen net oan.

Elektrisiteitsbedriuw Nuon hat de steuring binnen in oere tiid ferholpen. Neffens de plysje binne der gjin ûngemakken bard en wiene der gjin problemen. Der hoegden dan ek gjin ekstra maatregels nommen te wurden.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)