Aldste rêdingsboat nei Skylge

© Omrop Fryslân
De âldste motorrêdingsboat fan de wrâld komt nei Skylge. De boat, dy't yn 1907 yn Amsterdam boud is, sil nei alle gedachten takom jier rûnfearten meitsje fan West-Skylge út. In groep Skylgers hat in stichting oprjochte om de rêdingsboat keapje te kinnen. De boat moat noch wol opknapt wurde. Doel is de boat beskikber te stellen oan museum it Behouden Huys op West. Dy wol it skip in edukative funksje jaan. It hiele projekt kostet 160.000 euro.