Huzen ûnder merkpriis ferkocht

25 aug 2003 - 00:00

Op It Hearrenfean komme nije huzen dy't ûnder de merkpriis ferkocht wurde. Soks moat de trochstream fan minsken út in hierwente befoarderje. Der is in lange wachtlist foar hierwenten.

Wentekorporaasje Arqin fiert op 't stuit twa bouprojekten út. De huzen komme te stean yn Skoatterwâld. It iene projekt is hast klear, foar it oare waard moandei de earste peal slein. It giet om 32 goedkeapere keapwenten, ek tige gaadlik foar starters

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)