Keunstwurk hâldt de poat stiif

25 aug 2003 - 00:00

De iepeningsmanifestaasje foar de Infirmerie yn Ljouwert wurdt net oanpast. Dat makket Huub Mous fan Keunstwurk bekend. De steatefraksjes fan CDA en CU/SGP hawwe in probleem mei it tema: eksorsisme, oftewol duvelútbanning. De fraksjes wegerje om by de iepening te kommen.

Keunstwurk wol mei de fraksjes om 'e tafel om it tema ta te ljochtsjen. Neffens Mous sille de partijen it tema faaks dan wol pleatse kinne.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)