'Kooi-aap-fabryk yn 'e fout'

25 aug 2003 - 00:00

FNV en CNV oerwaagje juridyske stappen tsjin heftrúkfabryk Kooi fan Froubuorren. De fabrikant makket de bekende kooi-aap-heftrúks dy't achter frachtweinen hongen wurde kin. De direksje wol reorganisearje en dêrby seis minsken dien jaan sûnder de CAO te folgjen.

De fakbûnen stelle de direksje in ultimatum fan trije dagen. Komt der gjin oanbod om te praten, dan stappe se nei de rjochter ta.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)