Oerlis oer bou senioarewenningen

© Omrop Fryslân
Achtkarspelen sil mei ynwenners fan Koatstertille oerlizze oer in kompleks mei apparteminten. De gemeente docht dat om foar te kommen dat de bou fan de 23 wenningen fertrage wurdt.
Omwenjenden binne benaud foar har privacy en weardefermindering fan har huzen. Troch beswierskriften kin de bou mei twa jier fertrage wurde. De oplevering fan it senioarekompleks by de Tillebuorren stiet pland foar takom jier.