Wyldemerk lûkt 5000 besikers

25 aug 2003 - 00:00

De Wyldemerk is goed ferrûn. Op de earste edysje nei hûndert jier ha der likernôch 5000 besikers west. Dat wie ek it tal minsken dêr't de organisaasje op rekkene hie.

It kultuerhistoaryske feest duorre twa dagen en wie by Kippenburch by Aldemardum. Der wie muzyk, kabaret, merk en sport. De earste kear dat de merk hâlden waard wie yn 1348. De foarsitter fan de stifting Wyldemerk wie optein oer it grutte tal besikers.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)