Skip yn problemen troch lek

© Omrop Fryslân
Charterskip Confiance is sneontejûn mei tweintich persoanen by Skiermûntseach yn de problemen rekke. It skip wie oan 'e eastkant fan it eilân yn de Lauwers doe't it wetter begûn te meitsjen. Wêr't dat weikaam wie net dúdlik.
De rêdingsboat fan Skiermûntseach en de boat fan Lauwerseach kamen yn aksje. It skip waard nei in sânplaat sleept en dêr droechlein. Dêr is fierder socht nei de oarsaak fan de lekkaazje.