Bewenner azc Harns fermoarde

24 aug 2003 - 00:00

In 33-jierrige bewenner fan it azc yn Harns is sneontejûn troch in misdriuw om it libben kaam. De plysje krige in melding fan in fjochtpartij yn it azc en gong der hinne. Se troffen it slachtoffer bliedend oan.

De man waard reanimearre, mar ferstoar letter oan stekwûnen. De plysje koe in 28-jierrige bewenner fan it azc yn Frjentsjer oanhâlde. De plysje hat de saak yn ûndersyk en siket tsjûgen. Dy kinne belje op 0900-8844.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)