NK fierljeppen yn Linschoten

24 aug 2003 - 00:00

Twa Friezen ha sneon in medalje yn de wacht sleept by it NK fierljeppen yn Linschoten (provinsje Utert). Sjoukje Talma fan It Heidenskip wûn by de froulju mei in ôfstân fan 14,85 m. By de senioaren wûn Bart Helmholt fan Burgum mei 18,30 m.

By de kategory jongens wûn in Hollanner: Jarno Knijff fan Kamerik mei 16,50 m. Ek by de junioaren gong in Hollanner mei de medalje oan 'e haal: Jaco de Groot fan Kamerik mei 16,92 m.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)