Steanplakken foldogge goed

24 aug 2003 - 00:00

It eksperimint mei de steanplakken yn it Abe Lenstrastadion op It Hearrenfean is sneontejûn goed ferrûn. It wie foar it earst sûnt jierren dat der wer in steanfak yn in Nederlânsk stadion yn gebrûk wie.

800 Feyenoord-supporters koenen dêrtroch by de wedstriid wêze. Neffens foarsitter Riemer van der Velde hat dat goed foldien. Der ha gjin fernielingen west en de supporters bleaunen rêstich.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)