Wer Wyldemerk by Kippenburch

© Omrop Fryslân
Nei mear as 100 jier wurdt dit wykein wer in Wyldemerk hâlden by Kippenburch. Fan 1338 wie it in jiermerk, no is it in kultuer-histoarysk evenemint mei in soad teater.
De merk by Harich koe wer nij libben yn blaasd wurde mei in subsydzje fan 120.000 euro fan de gemeenten Gaasterlân-Sleat en Nijefurd, de provinsje en Europa. Om in folgjende merk feilich te stellen, moatte der dit wykein wol minstens 5000 besikers komme.