Deadlik ûngelok yn Easterwâlde

23 aug 2003 - 00:00

In 24-jierrige automobiliste út Easterwâlde is yn de nacht fan freed op sneon ferstoarn nei in iensidich auto-ûngelok. Se ried op de Weper yn har wenplak rjochttroch yn in bocht. De auto rekke dêrby in beam, draaide in slach yn de rûnte en botste tsjin in oare beam.

Plysje, brânwacht en ambulânsepersoniel ha de frou út de auto befrijd. Se is nei it sikehûs yn Grins brocht, mar is dêr yn de rin fan de nacht ferstoarn.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)