Amtners Grou nei Heineken-gebou

23 aug 2003 - 00:00

In part fan de amtners yn de gemeente Boarnsterhim krijt kommend jier mooglik tydlik in plakje yn it gebou fan Heineken yn Grou. It Grouster boubedriuw SHP keapet it gebou fan Heineken dat nei Drachten ferhuzet.

It boubedriuw hat fan 'e wike de opdracht krigen foar de nij- en ferbou fan it gemeentehûs yn Grou. Mooglik wurdt it Heineken-gebou yn de takomst sloopt.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)