Ekstra foarstelling 'Gysbert'

© Omrop Fryslân
Foar de Rockopera 'Gysbert Gysbert' is safolle belangstelling, dat der op 10 septimber in ekstra foarstelling komt yn de Boalserter Broeretsjerke. De foarstellingen fan 4, 5 en 6 septimber binne allegear al útferkocht.
Ek de foarstellingen fan 12 en 13 septimber binne hast útferkocht. It stik wurdt opfierd troch Reboelje yn it ramt fan de Gysbert Japicx-betinking. Dit jier is it 400 jier lyn dat de dichter berne waard.