Eilannen baas oer eigen natuer

23 aug 2003 - 00:00

De Waadeilannen bliuwe baas oer it behear fan de eigen natuer. Mei it ministearje fan LNV, de Waadferiening en Staatsbosbehear binne de eilannen it iens wurden oer it tapassen fan de Fûgelrjochtline yn it gebiet.

Yn de rjochtline stiet hoe't de minske krekt omgean moat mei de libbene natuer yn de omjouwing. Ofpraat is no dat de Waadgemeenten har bestimmingsplannen en plysjeferoarderings oanpasse sille oan de nije Europeeske regel.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)