Cambuur noch op 0 punten

© Omrop Fryslân
Go Ahead Eagles is sa stadichoan in traumatyske tsjinstanner foar Cambuur. Freed waard op it keunstgers yn Ljouwert mei 0-4 ferlern fan de ploech út Deventer. Foarich seizoen barde dat ek twa kear, mei 10-0 en 1-6.
De winst foar Go Ahead wie fertsjinne mar de skoare te heech. Cambuur spile in prima earste helte en toande in soad ynset. Mar doe't fiif minuten nei rêst de earste goal foel, wie it dien. De Eagles koene der noch trije ynskoppe.