NS wol út Noordned stappe

22 aug 2003 - 00:00

De Nederlânske Spoarwegen wol har belang yn Noordned kwyt. Neffens it bedriuw slút it spoarnetwurk net oan op dat fan de NS sels. Op dit stuit is Noordned foar de helte fan de NS en foar de helte fan Arriva.

Noordned ûntstie in pear jier lyn. It bedriuw fersoarget ûnder mear bus- en treinferfier yn Fryslân. De NS wol no har oandiel oan Arriva ferkeapje, dat dêr wol earen nei hat. De twa partijen ûnderhannelje noch oer de ferkeap.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)