Aksje gemeenten foar asylsikers

© Omrop Fryslân
De Feriening fan Fryske Gemeenten wol minister Verdonk fan Frjemdlingesaken op 'e nij oansprekke op it probleem fan útprosedearre asylsikers. Dizze wike hat Verdonk it Fryske plan foar ien sintrum foar útprosedearren ôfwiisd.
De gemeenten lizze har dêr net by del. Sy fine dat Verdonk har ynhâldlik net searieus útsprutsen hat oer útprosedearre asylsikers. Freed ha de gemeenten oerlein mei de provinsje en it orgaan opfang fan asylsikers, COA.