Wurkstraf easke foar relskoppers

22 aug 2003 - 00:00

Tsjin de seis fertochten fan de nijjiersrellen yn Nijehoarne binne wurkstraffen easke fan 240 oeren. Boppedat binne foarwaardlike selstraffen easke fan trije oant fiif moanne, mei in proeftiid fan twa jier.

De seis jonges wurde fertocht fan ferskate saken, lykas fernielings, it bedriigjen fan plysjeminsken en besykjen ta brânstifting. De rjochter docht meikoarten útspraak.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)