Service op stasjon Ljouwert

© Omrop Fryslân
Der wurde service-meiwurkers ynset op it stasjon fan Ljouwert. De NS docht dat per 1 septimber. De meiwurkers binne bedoeld om reizgers dy't fragen hawwe te wurd te stean. Om dy fragen te beantwurdzjen krije de meiwurkers in kompjûterke en in mobile tillefoan.
De service-meiwurkers binne alle dagen oanwêzich. Earder sieten se achter it loket. Troch ûnder oaren de komst fan de kaartsje-automaat is dêr minder wurk en waarden se dêr minder ynset.