Studinten warskôge foar alkohol

22 aug 2003 - 00:00

Earstejiers studinten dy't meidogge oan de yntroduksjewiken fan de Ljouwerter hegeskoallen wurde warskôge foar alkoholmisbrûk. De Kuno van Dijk-stichting hat de seis Ljouwerter studinteferienings dêroer advisearre.

Foar tûzenen nije studinten binne takom wike aktiviteiten en feesten pland. Dat soe wol ris mâl gean kinne, om't studinten mear drinke as gemiddeld. Per wike dinke se gemiddeld 23 glêzen bier of oare drank.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)