Bos wint Rûnde fan Boalsert

© Omrop Fryslân
De Rûnde fan Boalsert, in hurdfytskritearium oer 85 kilometer, is tongersdei wûn troch Marco Bos fan Roden. Hy wie de snelste yn in kopgroep fan trije, dy't by de finish noch mar 10 tellen oer hie. Johan Dalstra fan Bûtenpost waard twadde, Sierd Steigenga fan Eksmoarre waard tredde. Tonnie Teuben fan De Knipe wûn de sprint fan 'e achterfolgers en waard fjirde.
It tempo lei heech yn Boalsert. Pas nei 25 rûntsjes ûntstie der in kopgroep.