Mear boaten troch waarme waar

© Omrop Fryslân
It waarme waar soarget foar ekstra drokte op de Fryske wetters. It giet yn july allinnich al om sa'n 400.000 boaten mear as ferline jier yn dy moanne. Dat seit Boskamp dy't foar de ôfdieling 'Vaarwegen' fan de provinsje it tal passaazjes fan skippen byhâldt.
Der wurdt teld by brêgen en sluzen. By inoar opteld binne der oer de perioade april oant en mei july mear as 12.000 ekstra boaten teld as yn dyselde perioade ferline jier.