SHP mei gemeentehûs Grou bouwe

© Omrop Fryslân
SHP boubedriuwen yn Grou mei de nijbou en ferbou fan it gemeentehûs yn Boarnsterhim dwaan. Dat hat it kolleezje fan B&W yn de gemeente bekend makke. De wurksumheden moatte foarsjen yn mear kantoarrûmte en in nije riedsseal.
De totale kosten wurde rûsd op in lytse 2.500.000 euro. De gemeente wol gau mei de bou oan de slach, omdat it rûmtegebrek op it stuit hiel grut is.