Dantumadiel: gjin drugskultuer

© Omrop Fryslân
Yn 'e gemeente Dantumadiel hearsket gjin drugskultuer, sa docht bliken út ûndersyk fan de Kuno van Dijkstifting yn it ramt fan it Projekt Streetwise. Dantumadiel hie opdracht jûn foar it ûndersyk nei klachten oer oerlêst troch jongerein yn 'e doarpen. Der wurde amper harddrugs brûkt, mar wol softdrugs. It grutste probleem is it drankgebrûk. De gemeente wol no mei aktive foarljochting wize op de gefolgen fan drugs- en alkoholgebrûk.