Gjin massaal spylferbod KNVB

21 aug 2003 - 00:00

De KNVB sil dit wykein yn it Noarden de wedstriden yn it amateurfuotbal net fan hegerhân ferbiede fanwege de droechte. It fuotbalbûn lit it oardiel oer de fjilden oan de clubs en de gemeenten oer.

Neffens Ahlers fan it bûnsburo op It Hearrenfean hawwe gemeenten en frijwilligers de ôfrûne wiken hurd wurke om de fjilden te ferbetterjen. Dit wykein begjint it fuotbalseizoen foar de amateurs.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)