Fúzje Blau-Wyt en Zwaluwen?

© Omrop Fryslân
De bestjoeren fan de Ljouwerter fuotbalklubs Blau-Wyt en Leeuwarder Zwaluwen prate oer in fúzje tusken beide klubs. De fuotbalferienings hawwe likernôch deselde achtergûn en ek deselde problemen. Sa is it dreech om sponsors te finen en om hegerop te kommen op sportyf mêd.
De reaksjes op de plannen is wikseljend. By in eventuele fúzje spylje der ek emoasjes mei.