Rely Jorritsma-prizen bekend

© Omrop Fryslân
Twa dichters en twa ferhaleskriuwers krije dit jier de Rely Jorritsma-priis. Elmar Kuiper fan Húns en Sito Wijngaarden fan Berltsum binne de winners yn de kategory fersen. By de ferhalen winne Jan van der Leij fan Wyns en Albertina Soepboer fan Grins.
De priis foar in fers bestiet út in jildbedrach fan 200 euro, foar in ferhaal is dat 800 euro. Sneon 4 oktober wurde de prizen útrikt yn de tsjerke fan Bears.