Foararrest Amelanner ferlingd

20 aug 2003 - 00:00

It foararrest fan de 41-jierrige Amelanner dy't fertocht wurdt fan ûntucht, is mei 30 dagen ferlingd. Dat hat de rjochtbank yn Ljouwert woansdei bepaald. It ûndersyk rint noch en der bestiet kâns op herhelling.

Oant no ta ha 15 mearderjierrige froulju oanjefte dien tsjin de man dy't as ambulânse-sjauffeur wurke op it eilân. De saak spilet al sûnt 1995. Neffens boargemaster Verhoeven grypt de saak bot yn by de Amelanner mienskip.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)