Parkearplakken op it Saailân

© Omrop Fryslân
It Saailân yn Ljouwert wurdt iepensteld foar auto's om parkearproblemen yn it sintrum fan 'e stêd op te lossen. Sa hopet de gemeente dat it winkeljende publyk op drokke dagen earder in plakje fynt as no it gefal is.
It parkearterrein sil yn de takomst wol wer ferdwine, as de parkeargaraazje ûnder it Aldehoustertsjerkhôf klear is. De feroarings op it plein kostje de gemeente sa'n 50.000 euro. Yn oktober moatte de parkearplakken klear wêze.