'Trekkenwanden' foar Harmonie

© Omrop Fryslân
Stedsskouboarch De Harmonie yn Ljouwert hat hast 4 miljoen euro fan de gemeente krigen om twa meganyske 'trekkenwanden' bouwe te litten. 'Trekkenwanden' binne muorren mei stikken tou dêr't meiwurkers it dekor mei omheech en omleech krije kinne. Neffens de Arbo-wet is dat wurk te swier.
De Harmonie sil it no meganisearje. Tiisdei waard bekend dat acht bedriuwen ynteresse hawwe om it wurk by de Harmonie út te fieren.