Gjin opfangsintrum yn Fryslân

19 aug 2003 - 00:00

Fryslân krijt gjin grut opfangsintrum foar útprosedearre asylsikers. Minister Verdonk fan Frjemdlingesaken ferbiedt dat. Se skriuwt dat oan de Feriening Fryske Gemeenten (VFG).

De VFG hie in brief nei de minister stjoerd mei it fersyk om opfang fan útprosedearre asylsikers yn Fryslân ta te stean. Minister Verdonk hâldt lykwols fêst oan it belied om dy it lân út te setten. Hoefolle útprosedearren no yn Fryslân binne is net bekend.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)