Kolleezjeseal op Seefeartskoalle

19 aug 2003 - 00:00

De Seefeartskoalle op Skylge wol in kolleezjeseal bouwe mei 230 sitplakken. Foar de boukosten fan goed 2,5 miljoen euro mikt de skoalle op saneamd Europeesk Leaderjild. De provinsje moat lykwols noch beslute oer de subsydzjeoanfraach.

De kolleezjeseal krijt de healrûne foarm fan in amfiteater en is bedoeld foar de studinten. Binne dy der net, dan kin de seal brûkt wurde foar konferinsjes of teaterfoarstellings.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)