Protest tsjin tsjuster plattelân

© Omrop Fryslân
De provinsje moat protestearje tsjin de driigjende stroomrantsoenearing foar it plattelân. Oars moat der in skeafergoeding fan it Ryk komme. Dat fynt de steatefraksje fan 'e FNP. Benammen molkfeehâlders en bouboeren wurde de dupe fan stroomrantsoenearing.
By stroomkrapte wol minister Remkes it plattelân as earste yn tsjuster sette. Soks hellet net folle út, om't it ferbrûk op it plattelân folle leger is as yn 'e stêden, sa fynt de FNP.