Nij begraafplak yn Drachten

19 aug 2003 - 00:00

Drachten krijt in nij begraafplak by Nijtaap. Dat is nedich om't de besteande tsjerkhôven oer 3 jier fol binne. Buertbewenners hiene beswier makke tjin de oanlis. Om harren yn 'e mjitte te kommen komme der hege hagen om it begraafplak hinne. Ek wurdt de yngang wat út it sicht hâlden.

Begjin takom jier moat de earste skeppe de grûn yn. Dan kin oere trije jier de earste minsken begroeven wurde op it nije hôf.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)