Ryk ûndersiket radioklachten

© Omrop Fryslân
Minister Brinkhorst fan Ekonomyske Saken lit de ûntfangstklachten fan de publike radio-omroppen ûndersykje. Yn 'e ûndersyksgroep sitte fertsjintwurdigers fan 'e lanlike en regionale omroppen en it ministearje. Stjoerdermaatskippij Nozema sjocht nei de technyske en útfierbere kant fan it ferhaal.
It ministearje hat oer de tûzen klachten krige. Ek de ûntfangst fan Omrop Fryslân Radio is betiden min.