Soad Fryske berte-advertinsjes

19 aug 2003 - 00:00

De famyljeberjochten yn 'e Fryske deiblêden wurde hieltiten faker yn it Frysk skreaun. Yn 2002 wie mear as de helte fan 'e berte-advertinsjes yn Ljouwerter Krante en Frysk Deiblêd yn it Frysk. Dat is in dúdlike taname yn fergeliking mei in tal jierren tebek.

Dit docht bliken út in ûndersyk fan it Berie foar it Frysk nei it taalgebrûk yn famyljeberjochten. It Berie docht de oanbefelling oan ûndernimmers om ek mear Frysk te brûken yn advertinsjes.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)