Ynternetbedriuw Tom Kok fallyt

18 aug 2003 - 00:00

It bedriuw Cool Capital fan 'e Snitser ûndernimmer Tom Kok is fallyt ferklearre. Mei it ynvestearjen yn ynternetbedriuwen is net folle mear te fertsjinjen, sa leit Kok út op de website fan syn bedriuw. "We ha der alles oan dien, mar mear siet der net yn." Cool Capital lit in skuld achter fan 200.000 euro.

Tom Kok is ek bekend as âld-foarsitter fan D66. Kok giet no troch mei syn nije bedriuw Cool Group.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)