Hierwenten yn Suderbuorren

© Omrop Fryslân
De earste hierders fan sosjale hierwenten yn Suderbuorren ha moandei de kaai krigen fan de Ljouwerter wethâlder Sluiter. It giet om 20 hierhuzen oan de Moezel dy't boud binne troch Nieuw Wonen Friesland.
De nijbouwyk Suderbuorren stiet foaral bekend om de djoere keapwenten. Mar mei hierwenten fan tusken de 480 en 530 euro moat de wyk tagonkliker wurde. Op termyn komme der nochris 35 hierwenten by.