Dunlop hoecht net te ferhúzjen

18 aug 2003 - 00:00

Bannefabryk Fenner Dunlop hoecht net fuort út it sintrum fan Drachten. Dat seit wethâlder Feenstra fan Smellingerlân.

Dizze wike wurdt in útwreidingsplan fan it fabryk bepraat troch B&W. Reden foar GrienLinks yn Smellingerlân om te opperjen dat it fabryk mar nei in yndustryterrein ferhúzje moat. De lûds- en stankoerlêst nimt neffens GrienLinks bot ta nei de útwreiding. Wethâlder Feenstra wol neat witte fan ferhúzjen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)