Triatleten goed yn foarm

18 aug 2003 - 00:00

Ien wykein foar it FK triatlon hawwe de Fryske atleten sjen litten goed yn foarm te wêzen. André Laven fan Drachten wûn sneon de triatlon yn Veenendaal. By de froulju waard ek in Drachtster earste: Mariska Kramer.

Ek snein stie in Fries op it heechste poadiumplak. Tiedo Tinga fan 'e Lemmer wie de sterkste yn Weesp. It Frysk kampioenskip triatlon wurdt takom sneon yn Drachten hâlden.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)