Fryske Reinbôgesilers ha súkses

© Omrop Fryslân
De Fryske silers hawwe it goed dien yn it einklassemint fan it NK Reinbôgesilen dat snein syn lêste dei belibbe. Achter winner Mark Neeleman út Reeuwijk einige Maurice Schonk út Snits op in twadde plak en âld-Snitser Harmen Donker op it tredde plak.
Fan tongersdei ôf waarden twa wedstriden deis syld op 'e Snitsermar foar de nasjonale titel yn 'e Reinbôgeklasse. Fanwege it moaie waar giene alle plande wedstriden ek troch.