SP wol enkête oer ATF-brân

© Omrop Fryslân
De provinsje en ôffalferwurker ATF yn Drachten ha oanstjoerd op in ramp. Dat seit de steatefraksje fan 'e SP yn reaksje op it ûndersyksrapport fan de provinsje oer de grutte fergifbrân. Neffens de SP ropt it rapport mear fragen op as dat it antwurden jout.
De provinsje hat te min dien oan kontrôle fan 'e miljeufergunning. Der moat dan ek in parlemintêre enkête komme nei de ATF-brân, neffens de SP. De Kristenuny/SGP fynt dat ek.