Oanhâlding foar mishanneling

© Omrop Fryslân
In ynwenner (45) fan Ljouwert is ôfrûne nacht oanhâlden foar mishanneling fan in stedgenoat (23). Dy hie mei in pear oaren de ruten fan syn wente fernield. Hy moast dêrfoar inkelde klappen mei in stik hout ynkassearje. De manlju hiene earder ek al de bûtenspegel fan 'e auto fan it slachtoffer fernield.
In 22-jierrige plakgenoat moast ek mei nei it buro. Hy bemuoide him mei de arrestaasje en woe net fuortgean doe't de plysje dat frege.